Anita Andriesen
Pyt Paulusma wie d’r ek mei syn waarpraatsje. Nei it keatsen noch efkes neisitte mei patat en in drankje. It wie in ûnferjitlikke dei, Anita makke yndruk op it besjoer, wat in entûsjasme, wat in moai minske dy’t perfekt bij de Jong Famme Partij past, wij binne wiis mei har. Hja gong nei hûs mei de wurden ”As jimme takom jier wer jild fan de Provinsje hawwe wolle dan sil ik it fersyk ûndersteune” Yn 2007 wie se d’r wer en fûn dat de groep âldere Fammen wol nei de 75 koe, ek dit krige hja foarelkoar, oan de ein fan de dei stie de teller op 76. Yn desimber 2007 hawwe Anna Christien en ûndertekene bij har op it provinsjehûs west. It Mearjierreplan Jong Famme Partij 2008 – 2011 wie klear en keatsferiening Jacob Klaver fûn dat hja it earste eksimplaar hawwe moast. Yn dy tiid moast hja chemokuren ûndergean en wurke minder, mar d’r waard tiid foar ús frijmakke. Wer makke dizze moeting yndruk op ús. Anita prate iepen oer har sykte en ûndanks har sûnensproblemen wie it gesellich . Keatsballebonbons, trije dikke tuten en oan’t takommend jier. Yn 2008 wie se d’r wer. It waard wer in genoechlike dei. Boargemaster Johanneke Liemburg wie d’r ek, hja wie fan doel it earste part fan de Jong Famme Partij mei te meitsjen mar bleau de hiele dei, genoechlik pratend mei Anita. Nei’t Anita mei de ’nep’keninginne de prizen útrikt hie gong hja rillegau nei ôfrin fan de Jong Famme Partij nei hûs. Hja hie de jûns noch ferplichtings. Har lêste wurden binne ”as’t wer geld nôdich bist most dy mar melde” De foto bij it stikje is nommen yn 2006, dêr’t Anita te midden fan âldere Fammen nêst Pyt Paulusma stiet. Hja roppe yn koar ”oan’t moarn”. Wij binne tankber dat dizze bysûndere frou trije jier bij ús Jong Famme Partij west hat, mar wat is it spitich dat d’r foar har gjin moarn mear is. Geart.
Geplaatst op 03 December 2008